Zoekresultaten voor: *
Resultaat 21 - 30 (van 30)
Wieke de Haan Ophysje en delbêdzje
Ferhalenboek foar froulju
Ophysje en delbêdzje is it ferfolch op it tige suksesfolle Optriuwe en ôfbliuwe. Humoristyske ferhalen oer plastuiten, stofsûgers, kontaktadvertinsjes, fetslobberjen, weblogjende froulju, mobyltsjes, OMO-relaasjes en hygiëne op feestjes. Ferhalen De kontener De boat De ferpakking De slachsinkeninginne Eigen baas Plakke Eilânkultuer Goeienavond, mevrouw It stel Kastrûmte Lokkerke Liposuctia Mem Nútsjeguod OMO Plastuit Lampehier Puer natuer Raar waar Reade learskes Sisters in sin Skjin himd...
Westerlauwers Fries | 2 uur 56 minuten (110 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Hylkje Goïnga Nei it Park
Yn de novelle Nei it park stiet de 78 jier âlde en deminte 'Martha' sintraal. Op tige humoristyske, mar tagelyk oangripende wize beskriuwt Hylkje Goïnga de striid fan Martha om út it hûs foar âldere minsken te bliuwen en it krewearjen fan de dochters Janna en Geeske om har dêr no krekt wol yn te krijen. 'Ik rûn tusken myn beide dochters yn troch in brede gong. In mefrou mei reade wangen joech my twa hannen tagelyk en kloppe my op 'e rêch. Ik fersjitte my der fan. Wy gongen yn de lift mei...
Westerlauwers Fries | 1 uur 19 minuten (91 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Bretaalwei De Brand
Hoe't Johannes Brandsma de grinzen ferlei
Johannes Brandsma, in topkeatser Yn 'e jierren tachtich is hy de sportman, dy't it gesicht fan it keatsen mei bepaalt. De Brand ferleit bretaalwei grinzen yn it keatsspul. Hy ferbrekt rekords dy't noch steane, ek yn 2009. Yn 1990 nimt er ôfskie fan it Fryske spul en kinne de lêste kranteknipsels en foto's ynplakt wurde. Mear as stof genôch foar in biografy. De keatsfedette fertelt net inkeld oer it keatsen, mar ek oer de saken dêr omhinne en hoe't it syn libben behearske. Jelle Bangma makke...
Westerlauwers Fries | 3 uur 49 minuten (182 MB) | Frysk en Frij, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Skoare by FC Top
Skoare by FC Top giet oer de talintfolle David en Jeffrey, dy't gek binne fan fuotbal. Op in dei komt in scout fan it grutte FC Top út de stêd te sjen. De jonges wurde útnoege foar in oantal proeftrainings en seleksjewedstriden. Der bestiet in grut ferskil tusken de beide jonges. David hat in freeslik fanatike heit dy't alles op alles set foar in fuotbalkarriêre fan syn soan. By Jeffrey wurdt dêr folle relekster mei omgien. Foar him is der mear yn it libben as fuotbalje. Hoe sille de doarpsjonges...
Westerlauwers Fries | 1 uur 53 minuten (122 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Auck Peanstra It goud fan de Aboriginals
Nei't se in skoftke rûn hawwe, seit Hidde: 'Wêr binne dy tekeningen no? Wy binne dochs echt fan dizze kant kommen.' 'Ja,' seit Fardau, 'wy hiene der al lang wêze moatten. Of wie it miskien in bytsje de oare kant út?' De panyk slacht ta. 'Wy sitte midden yn de woastyn. Wy ha gjin iten en drinken by ús. En dy sinne!' Út it neat ferskynt ynienen in ploechje minsken. Brune minsken. Aboriginals, sjogge se daalk oan de gesichten. De mannen drage spearen as wapens... De Traveliers is in nije searje...
Westerlauwers Fries | 2 uur 33 minuten (164 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Wilco Berga It portret
In frou wurdt dea fûn op it Waad, ticht by de seedyk. Eefkes letter stiet de skilder yn it mortuarium om har te identifisearjen: Wêrom yn godsnamme? Nee, no net tinke, mar de eagen de kost jaan. Hy soe har oanreitsje wolle, waarm wriuwe. Wa sei him dat se net skyndea wie? Se hie de eagen dan wol ticht, mar striele krêft út, en grutskens. Sels no't se der as in fersûpte kat by lei op har wytplestik bêd, as wie it in feestje - jawis wie 't feest! - inkeld wat út 'e hân rûn. Just hjir, yn dizze...
Westerlauwers Fries | 4 uur 3 minuten (274 MB) | Utjouwerij Fryslân, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it kattemystearje
Mentha Minnema belânet diskear as hûneleafhawwer mei in protte ferstân fan katten, yn in kattemystearje. Jurjen en Jeltsje Risselade misse harren kat Tsjip en wat dêr dan allegearre oan aventoeren achter wei komt... Ek diskear wer helpt Pyt Pander mei, mar de polysje hie it allinne noait oprêden. Dit ferhaal wurdt foarlêzen troch de skriuwster Anny de Jong. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1998 as achtste diel yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud De nijkeap In frjemdsoartige kat A real...
Westerlauwers Fries | 3 uur 16 minuten (222 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Lida Dykstra Spegelspreuk
Spegelspreuk is in spannend aventoer oer de freonskip tusken in ûndernimmend prinske en syn lakei, Lodelakei. Ljouwert, 1757 De 9-jierrige Willem, prins fan Oranje, rint fan hûs fuort. Hy komt terjochte by syn beppe, Marijke Muoi. Dy wennet yn Ljouwert, yn paleis it Prinsessehof. Earst ferfeelt Willem him ôfgryslik. Mar dat feroaret as in âld wyfke yn it keunstkabinet fan it paleis in spegelspreuk útsprekt. Troch dy betovering komme, alle kearen as de klok tolve oeren slacht, bisten fan tegels...
Westerlauwers Fries | 2 uur 51 minuten (137 MB) | Aed Levwerd, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it hynstemystearje
Op it hynstekonkoers fan Riis yn Gasterlân wurdt Bearn, in prachtige swarte rún fan acht jier âld, op mysterieuze manier stellen. Marchje en Petra krije aldergeloks de help fan Mentha Minnema by har speurwurk om it hynder werom te krijen. Mar dat liket net bêst... Grate helpt diskear faaks noch wol mear mei as Pyt Pander. Hy is miskien wol fereale en dat lytse hûntsje mei it plakje om it each leveret út en troch ek noch in spoar op. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1992 yn de Mentha Minnema-rige....
Westerlauwers Fries | 3 uur 5 minuten (214 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it hûnemystearje
Mentha Minnema komt in frjemde bistedokter op it spoar, dy't rare dingen mei hûnen útfynt. Stabij Mette fan Jeltsje en Jurjen Risselade is ûntfierd en der binne mear stabijs dy't slachtoffer wurden binne. Nei in protte aventoeren kriget Jurjen in sulveren balkje by de polysje, en dat hie er wol fertsjinne! It ferhaal wurdt foarlêzen troch Anny de Jong, dy't it ek skreaun hat. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1990 yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud It kin alle kanten ut Sneupers en paadwizers...
Westerlauwers Fries | 2 uur 35 minuten (154 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)