Zoekresultaten voor: *
Resultaat 41 - 47 (van 47)
Jurjen van der Meer Sin oan
De fersen fan Jurjen van der Meer wurde al tsientallen jierren brûkt yn de heechste groepen fan it basisûnderwiis en foar de foardrachtskriich FeRstival op middelbere skoallen. Yn dit boek bondelet er syn moaiste wurk fan de lêste tiid. De bondel befettet in tal 'Pas op...'-gedichten, mei yllustraasjes fan Maaike van den Akker, in searje 'Op in ...'gedichten, mei yllustraasjes fan Lip Ferwerda en in tritichtal frije fersen. Jurjen hat in oansprekkende, tagonklike styl. It binne fersen mei in knypeach....
Fictie
Westerlauwers Fries | 215 pagina's (ePub3, 11 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Hilda Talsma Slangen ûnder it bêd
Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út 'e naad om har werom te finen en sa komme se yn 'e kunde mei Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta...
Fictie
Westerlauwers Fries | 181 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Marianna van Tuinen De bûtenierdske reis fan Q en Quinta
Quinta boartet yn de tún en krijt ynienen besite fan in wûnderlik wêzen yn in soarte fan luchtbel. It hat mar ien each en sjocht har freonlik oan. 'Ik bin Q', seit it frjemde dier. 'Ik bin myn hûs kwyt. It is ergens yn de kosmos, mar ik wit net mear wêr. Helpsto my om it te sykjen?' Dat wol Quinta wol. Se stapt yn de bol en giet mei Q de romte yn. Op elke planeet dêr't se komme treffe se bûtenierdske wêzens. Dy sjogge der hiel ferskillend út. Se meitsje in soad nije freonen. It wurdt hiel...
Fictie
Westerlauwers Fries | 41 pagina's (ePub3, 8,2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2016
E-book
Sjieuwe Borger Eksamenjier
As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa? Wêrom hinget Joyce sa oan Miklas. Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf sûnder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe mei Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario yn de favorite hangout fan de eksamenkandidaten wurden krije en Miklas Joyce nei hûs bringt. En dan geane de heit en mem fan Dario ek noch ris útinoar....
Fictie
Westerlauwers Fries | 130 pagina's (ePub2, 1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book
Akky van der Veer Koartsluting
Een jongen heeft geld geleend en dat vergokt in het casino. Nu heeft hij schulden en moet die aflossen door fietsen te stelen.
Fictie
Westerlauwers Fries | 69 pagina's (ePub2, 3,6 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2014
E-book
Marianna van Tuinen De fjoerdiamant
"Fiif bern krûpe troch it gat fan in dikke beam en komme yn in tunnel telâne. Dy liedt nei de binnenkant fan de ierde. Wat in aventuer! It is dêr prachtich, it liket wol in mearke. Se geane troch in reinbôgerivier, oer de streepte heuvels nei in grot, djip yn de see. En dêr wurdt harren hart hiel waarm"
Fictie
Westerlauwers Fries | 36 pagina's (ePub3, 5,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2014
E-book
Freddy Scheltema De keet fan Annawâld
Omdat er voor een groepje jongeren in een klein Fries dorp weinig te beleven is, maken ze van een stavaracan een jeugdhonk. Vanaf ca. 15 jaar.
Fictie
Westerlauwers Fries | 104 pagina's (ePub2, 0,7 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2014
E-book